sjonger - ferskeskriuwer

sjonger-ferskeskriuwer


15 novimber oansteande is de útjeftedatum fan myn 2e album 'KRIMP'. 

Op dy dei woenen Kees Bode en ik in spesjaal optreden fersoargje by De Groen Kunst & Kultuur yn Dokkum.
Dit kin spytichgenôch net trochgean.

Jim kinne it album bestelle yn myn winkel. 

 

 

Onno siet yn de finale fan de Fryske sjonger-ferskeskriuwer wedstryd van Friesland Pop.
Hjir in ferslach fan de finale. 



Onno Sjongt

Grutte wrâldproblemen, in kommersjele media en in neatûntsjennende ekonomy; we libje yn in hystearyske maatskippij. Mar binnen dyn eigen wrâld fynst de wiere emoasje, it lok, it fertriet, it ferlies, de leafde.  
Onno besjongt mei passy it lytse libben en rekket dy. Gruts, brekber , sûnder betinkst en mei in nochter each. 

In letbloeier is it, dy Onno. Hy rûn tsjin de fjirtich doe’t er foar it earst in gitaar yn hannen kryg. No sa’n tsien jier fjirder is hy yn Noard-East Fryslân wiidferneamd mei syn liet “Sintrale As”, spilet er op festivals en húskeamerkonserten. In debuut-cd stiet der oan te kommen 

En at jo kontakt opnimme wolle, foar ynformaasje of in optreden, dan klikke jo gewoan op Kontakt.  




En sykje jo wat stevigers? Onno is sjonger-gitarist fan coverband Progress. Se spylje nûmers fan Johnny Cash oant The Rolling Stones, en derneist ek eigen wurk. Alles oer Progress fine jo op de websidehttps://www.youtube.com/watch?v=n-4ZkYivHXQ