sjonger - ferskeskriuwer

sjonger-ferskeskriuwer


Onno - Earste simmer mei dy


Myn debuutalbum is út!

Der is't ie dan, myn debuutalbum "Earste simmer mei dy". Hy leit yn de winkel. Yn elts gefal yn de webwinkel fan Marista Neist eigen wurk steane der inkele oersettings fan besteande nûmers op. De cd is opnaam yn de Sing-Sing studio yn Mitslawier. Kees Bode hat in part fan it ynstrumentale diel foar syn rekken naam.

Voor de niet Friestaligen staan er korte omschrijvingen per lied op de volgende download


Onno Sjongt

Grutte wrâldproblemen, in kommersjele media en in neatûntsjennende ekonomy; we libje yn in hystearyske maatskippij. Mar binnen dyn eigen wrâld fynst de wiere emoasje, it lok, it fertriet, it ferlies, de leafde.
Onno besjongt mei passy it lytse libben en rekket dy. Gruts, brekber , sûnder betinkst en mei in nochter each. 

 


In letbloeier is it, dy Onno. Hy rûn tsjin de fjirtich doe’t er foar it earst in gitaar yn hannen kryg. No sa’n tsien jier fjirder is hy yn Noard-East Fryslân wiidferneamd mei syn liet “Sintrale As”, spilet er op festivals en húskeamerkonserten. In debuut-cd stiet der oan te kommen 

En at jo kontakt opnimme wolle, foar ynformaasje of in optreden, dan klikke jo gewoan op Kontakt.  


En sykje jo wat stevigers? Onno is ek sjonger-gitarist yn coverband Progress. Se spylje nûmers fan Johnny Cash oant The Rolling Stones, en derneist ek eigen wurk. Alles oer Progress fine jo op de webside   http://www.progressdeband.nl

 


 

 

 

 



 

 

Bonifatius bitter is myn drankje